Gospa od Škrpjela

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gospa od Škrpjela ('Us Frou fan de Rotsen') (lofts) en Sveti Đorđe (rjochts)
Us Frou fan de Rotsen

Gospa od Škrpjela (Us Frou fan de Rotsen of Madonna dello Scarpello) is in oanlein eilân yn de Baai fan Kotor, yn Montenegro. It is ien fan de twa eilannen ûnder de kust fan Perast (it oare is Sveti Đorđe). It eilân is ûntstien troch it sinke litten fan âlde skippen laden mei rotsen. Ek no noch wurde der balstiennen yn see smiten op it feest fašinada op 22 july.
Op it eilân Gospa od Škrpjela stiet ek de Crkva Gospa od Škrpjela (tsjerke fan Us Frou fan de Rotsen) (Italjaansk: Chiesa della Madonna dello Scarpello). De earste tsjerke op dit eilân dêr't wy fan witte, waard boud yn 1452; dy fan no is fan 1632 en waard ferbettere yn 1722.


Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen