Goose Green

Ut Wikipedy
Goose Green

Goose Green is a plak yn Lafonia op East-Falklân, ien fan de twa grutte eilannen fan de Falklâneilannen. It leit oan de Choiseul Sound, oan de eastkant fan de isthmus fan it eilân, súd-súdwestlik fan Darwin. Mei in befolking fan om-ende-by 70, is Goose Green it twads grutste plak fan de Falklâneilannen.

Goose Green hat in winkel en der is in lyts lofthaventsje. Nijsgjirrich om te besjen is de neite fan Bodie Suspension Bridge en it Vicar of Bray skipswrak, hokker lêste stammet út de tiid fan de gold rush yn Kalifornje.

Goose Green farm is in gigantyske buorkerij. Mei 430,000 km2 is it dûbel sa grut as de buorkerijen yn Port Howard en North Arm. Yn de Falklânoarloch wie Goose Green it toaniel fan gefjochten tusken it Ingelske- en Argentynske leger.

Yn 1875 kamen de earste minsken yn Goose Green en setten har nei wenjen by in telch fabryk.