Golf fan Triëst

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golf fan Triëst
Locatie Golf van Triest.PNG
Lokaasje Adriatyske See, by Triëst
See Middellânske See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 1000 km²
Djipte (maks.) 37 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 16 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte {{{lingte}}}
Oer
NASA7-722-46H-s.jpg
De Golf fan Triëst en de kust

De Golf fan Triëst (Italjaansk: Golfo di Trieste, Sloveensk: Tržaški zaliv) is in ûndjippe baai dy't part is fan de Adriatyske See, it meast noardlike diel fan de Middellânske See. De Golf fan Triëst is part fan de Golf fan Feneesje, de kustline is ferdield oer Itaalje, Sloveenje en Kroaasje.

De streaming giet tsjin de klok yn en hat in faasje fan trochsneed 0,8 knopen it oere. It ferskil tusken eb en floed is sa'n 60 sintimeter. It sâlthalte yn de Golf is gewoanwei 37 à 38 promille, mar simmers ûnder de 35‰.

Utsein in stikmannich flakke eilantsjes dy't in barriêre foarmje nei de Laguna di Grado (Sloveensk: Gradeška laguna) hat de golf gjin eilannen fan betsjutting. Foar Triëst en de Sloveenske kust lizze de Baai fan Muggia, de Baai fan Koper en de Baai fan Piran.

De krekte lizzing fan de lânsgrinzen yn de Golf fan Triëst is wat striderij oer.

Opfettings oer de rin fan de lânsgrinzen yn de Golf fan Trëst