Golf fan Manar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golf fan Mannar
Locatie Golf van Mannar.PNG
Lokaasje {{{lokaasje}}}
See Yndyske Oseaan
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 1.335 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 130–275 km
Lingte 160 km
Oer
Mannar 79.03963E 9.52009N.jpg
De Golf van Mannar is it donkerblauwe part fan de seestrjitte tusken Yndia en Sry Lanka. De Strjitte Palk is ljochtblau. Loftsûnder de Maldiven.

De Golf van Mannar is in part fan Yndyske Oseaan; it leit tusken de meast súdlike punt fan Yndia en Sry Lanka. Der binne teminsten 117 koraalsoarten registreaarre dy't yn de Golf fan Mannar foarkomme. Ek seeskyldpodden, haaien en dolfinen komme geregeldwei yn de golf foar. Dochs ys de mannichte bisten de lêste jierren tebekrûn, mei as gefolch fan oerbefiskjen en fersmoarging. De fiskfangst is dêrtroch frijwat sakke. Teffens hawwe de koraalriffen slim te lijen hân fan tsientallen jierren ûnferstandich rispjen.

De Golf fan Mannar krige syn namme fan it Sry Lankaanske eilân Mannar en it plak mei deselde namme, Mannar.

Pearels[bewurkje seksje | edit source]

De Golf fan Mannar is al twatûzen jier ferneamd om syn pearelbanken. Plinius de Alde (2379) neamde de pearelfiskerij yn de Golf de meast produktive fan de wâld.[1][2] Hoewol't it rispjen fan natuerlike pearels meast te djoer fûn wurdt, wurdt it noch altyd dien yn de Golf.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sitaat út India and the Indian Ocean Fisheries [ http://eprints.cmfri.org.in/874/1/Article_03.pdf Journal of the Marine Biological Association of India troch R. Raghu Prasad and P. V. Ramachandran Nair, 1973, sd.1–19]
  2. Indian Pearl Fisheries of the Gulf of Manar and Palk Bay troch James Hornell, útj. BiblioBazaar 2009
  3. Gems: their sources, descriptions and identification troch Michael O'Donoghue; útj. Butterworth-Heinemann 2006