Golf fan Karpentaria

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Golf fan Karpentaria
Gulf of Carpentaria map.png
Lokaasje tusken Nij-Guinea en Austraalje
See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 300.000 km²
Djipte (maks.) 82 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 55 oant 66 m
Breedte 590
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 675
Lingte noard-súd ± 700 km
Oer
Karumba-beach-gulf-savannah-queensland-australia.jpg
Kust by Karumba, Queensland

De Golf fan Karpentaria is in grutte, ûndjippe see, dy't oan trije kanten omjûn wurdt fan it fêstelân fan Austraalje. Yn it noarden giet de Golf oer yn de Arafurasee, de natuerlike wetterskieding tusken Austraalje en Nij-Guinea. Geologysk is de Golf noch jong - yn de lêste iistiid wie de Golf noch lânt.

It lân oan de Golf is meast flak en leechlizzend. Yn it westen fan de Golf leit Arnhimlân en de Top End regio fan it Noardlik Territorium. Yn it easten leit Kaap York-skiereilân, yn it suden de Gulf Country regio, beide yn Queensland. Mei in oerflak fan 2.260 km² is it foar de kust fan Arnhimlân lizzende Groote Eylandt it meast grutte eilân yn de Golf; fierders lizze der noch in stikmannich lytse eilannen foar deselde kust.

It gebiet is yn 1606 troch skipper Willem Jansz foar it earst kartearre. Yn 1623 neamde Jan Carstens de golf nei de gûverneur fan Batavia Pieter de Carpentier. Abel Tasman ferkende de kust yn 1644. Yn 1802 en 1803 waard de golf sekuer yn kaart brocht en fierder ferkend troch Matthew Flinders. De earste ekspedysje oer lân dy't de Golf berikte wie dy fan Burke en Wills, laat troch Robert O'Hara Burke en William John Wills, dy't yn augustus 1860 yn Melbourne út einsette en yn febrewaris 1861 by de Bynoe Rivier oankaam.

It klimaat is dêr hjit en fochtich mei twa seizoenen yn it jier. It droege seizoen duorret fan april oant novimber, en wurdt skaaimerke troch tige droege súdeastlike oant eastlike wyn. It wiete seizoen rint fan desimber oant maart. De measte rein falt dan en soarget foar oerstreamings yn de leechlizzende gebieten. De Golf is ek de widze fan sykloanen yn de perioade tusken novimber en april.

Nederlânske kaart fan de Golf út 1859