Golf fan Huon

Ut Wikipedy
Golf fan Huon ýt de romte wei (falske kleuren)

De Golf fan Huon is in grutte ynholte fan sa'n 29 500 km² yn east Papoea Nij-Guineä. Yn it noarden wurdt de golf begrinzge troch it Huon skiereilân. Beide binne neamd nei de Frânske ûntdekkingsreizger Jean-Michel Huon de Kermadec. De Golf fan Huon isin part fan de Salomonssee. Lae, de haadstêd fan de provinsje Morobe, leit op de noardigge fan de golf.

Markhambaai foarmet de noardwest hoeke fan de golf, dêr mûnet de Markhamrivier.