Golf fan Amundsen

Ut Wikipedy
Golf fan Amundsen
De Golf fan Amundsen (pylkje).      Nûnavût                               Noardwestlike Territoaria      Yukon                                   Britsk-Kolumbia                    Alaska                            
De Golf fan Amundsen (pylkje).
     Nûnavût                         
     Noardwestlike Territoaria
     Yukon                             
     Britsk-Kolumbia              
     Alaska                            
geografy
type wetter rânesee
lokaasje Kanadeeske Arktyske Arsjipel
lân Kanada
territoarium Noardwestlike Territoaria
koördinaten 71°00′01″N 124°00′10″W
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 400 km
maks. breedte 150 km
oerflak ±50.000 km²

De Golf fan Amundsen is in golf fan de Kanadeeske Noardwestlike Territoaria, tusken de eilannen Banks, Victoria en it fêstelân. De Golf fan Amundsen grinzet yn it westen oan de Beaufortsee.

In satellytfoto fan de Golf fan Amundsen.

De Golf fan Amundsen waard tusken 1903 en 1906 ferkend troch de Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen. De golf leit oan de westein fan de Noardwestlike Passaazje, in farrûte fan de Atlantyske Oseaan nei de Stille Oseaan.

De kusten fan de golf binne tinbefolke, mar der lizze in stikmannich plakken, sa as: Sachs Harbour, Ulukhaktok en Paulatuk.

Winterdeis is de see folslein beferzen. Gewoanwei ferdwynt it iis yn july, mar op guon plakken yn it úterste easten en noarden fan de golf kin it ek wol mids augustus wurde.