Golf fan Aden
Ut Wikipedy
|
|
|
| Lokaasje | {{{lokaasje}}} |
| See | Yndyske Oseaan |
| Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
| Oerflakte | |
| Djipte (maks.) | {{{djipte}}} m |
| Trochsneeddjipte | {{{trochsneeddjipte}}} m |
| Trochsneeddjipte | {{{djiptegem}}} m |
| Breedte | |
| Maks. breedte | {{{breedtemaks}}} |
| Maks. breedte | |
| Lingte | {{{lingte}}} |
| Oer | |
| {{{oer}}} | |
De Golf van Aden (Arabysk: خليج عدن, útspraak: Khalyj 'Adan) is in part fan de Yndyske Oseaan en leit tusken it Arabyske Jemen oan de noardside en de Afrikaanske lannen Dzjibûty en Somaalje oan de súdside.
It is in wichtich trochfiergebiet om't sy yn de rin leit fan de Reade See en it Suezkanaal. It foarmet de ferbining tusken dizze twa en de Yndyske Oseaan.
De milieufersmoarging yn dizze see falt wol mei en dêrtroch is de see ryk oan fisk en komt der in protte koraalriffen foar. Wichtige havenstêden oan de Golf binne de lyknammige stêd Dzjibûty yn Dzjibûty, Bosaso en Berbera yn Somaalje, en Aden yn Jemen. Oan Aden tankt de see har namme.
Piraterij komt in protte foar yn de Golf en hat te krijen trochdat guon fan de kustlannen net stabyl binne. Ek terroristyske oanfallen, bygelyks troch fûnemintalityske moslims hawwe hjir foarfallen.