Hotel Goerres
Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Goerres")
Hotel Restaurant Goerres is in hotel-restaurant yn Akkrum. Oan de foarkant rint de Kanadeeskestrjitte, oan de efterkant rint it wetter de Boarn. It is ien fan de âldste hotels yn Fryslân.
Yn it wettersporthotel stiet in sylboat as taapkast. Famyljehotel Goerres wûn yn 2009 de Gastfrij Frysk-award. It waard ferliend op it Frysk Toerismekongres yn Ljouwert. Gastfrij Frysk is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |