Glee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Glee logo

Glee is in Amerikaanske, komyske en muzikale televyzjerige út 2009 fan Fox. It ferhaal giet oer in groep jongerein dy't mei in dosint Spaansk in koar begjint op harren skoalle. Dit is de fiktive William McKinley High School yn Lima (Ohio). Yn eltse ôflevering sitte in pear lietsjes dy't by it ferhaal passe en sintraal steane de brektmen fan elts fan harren en hoe't hja opbokse moatte tsjin de foaroardielen fan 'e oare studinten en ferskate dosinten (lykas de gemiene 'Sue Sylvester', dy't it koar sjocht as in bedriging foar har cheerleaders).

De searje is in súkses sjoen nei de sjochsifers en Fox woe nei trije ôfleverings in hiele rige fan 22 ôfleverings. Yn it begjin fan 2010 makke Fox ek de twadde rige fan de rige buorkundich. Op 23 maaie 2010 joech Fox ek oan dat de rige ek in tredde seizoen krije soe. Dit sil de kosten fan it programma drukke kinne en de skriuwers de kâns biede om foarút te tinken by it skriuwen fan de senario's.

De sjo waard betocht troch Ian Brennan en ûntwikkele troch Ryan Murphy. Yn Nederlân is de rige sûnt 14 septimber 2010 eltse wike op tiisdei te besjen op RTL 5. Yn Flaanderen is de rige sûnt 27 desimber 2010 te sjen op 2BE. De rige waard al nei 2 wiken fan de televyzje ôfhelle troch ôffallende sjochsifers. De rige wurdt sûnt 19 febrewaris 2011 útstjoerd op sneontejûn.

It ferhaal[bewurkje seksje | edit source]

Chris Colfer spilet de homoseksuele Kurt yn Glee

Will Schuester (Matthew Morrison) dreamt der oan it begjin fan it nije skoaljier fan om de 'Glee club' wer yn syn âlde gloarje te werstellen: as de âlde sjongkootsj ûntslein wurdt, mei er fan 'e direksje de lieding oernimme. Sels wie er jierren lyn lid fan 'e klup en yn syn tiid wie dizze in grut súkses op skoalle en fier dêrbûten. Er docht audysjes en dan docht bliken dat der in pear tige goede sjongers en sjongeressen op syn skoalle sitte: sa komme wy yn de kunde mei haadpersoan Rachel Berry (Lea Michele), in net sa populêr famke dat dreamt fan in karriêre yn 'e spotlights en grut fen is fan musicals. Neist Rachel fynt Will noch in pear oare koarleden: sa is der Mercedes Jones (Amber Riley), in swart famke mei in krêftich lûd; de homoseksuele Kurt Hummel (Chris Colfer), dy't troch de jonges fan it footballteam eltse dei narre wurdt; Artie Abrams (Kevin McHale) sit yn in rôlstoel nei in auto-ûnk en is heal ferlamme en te'n lêsten Tina Cohen-Chang (Jenna Ushkowitz), in Asiatysk bleu gothic famke. Elts fan harren is in bûtensteander op 'e skoalle en moat opbokse tsjin de foaroardielen fan in protte fan de oare studinten.

Om't de klup in pear goede manlike sjongers mist, besiket Will oare studinten oer te heljen om mei te dwaan, mar der binne net safolle bern ynteressearre, ek troch de druk fan oare skoalbern dy't de Gleeklup mar neat fine. Wannear't er dan ûntdekt dat footballer Finn Hudson (Cory Monteith) sjonge kin, betinkt er eat om him ek by it koar te krijen. Troch brûk te meitsjen fan sjantaazje akseptearret Finn it oanbod om yn Glee club sjonge te kommen. Nei in skoftke komt ek syn footballfreon Noah Puckerman (Mark Salling) by it koar. Puck is de rebel fan de skoalle en hat in net al te bêste reputaasje. Wannear't Puck him by it koar foeget, nimt er noch twa freonen mei: Mike Chang en Matt Rutherford.

Dit is tige tsjin it sin fan cheerleaderkootsj Sue Sylvester (Jane Lynch), sjocht hoe't de klup har jild ynpikt en in pear fan har cheerleaders oanwervet. Dêrop betinkt hja in plan: top-cheerleader Quinn Fabray (Dianna Agron) en har twa freondinnen Santana Lopez (Naya Rivera) en Brittany Pierce (Heather Morris) moatte ynfiltrearje by de klup en besykje de klup fan binnenút kapot te meitsjen. Quinn sjocht dat wol sitten, want hja hat sjoen dat Rachel fereale is op Finn en besiket him fan har ôf te pakken. Sa kin se (neist it koar te ferneatigjen) ek har freontsje yn it each hâlde, mar har plannen falle yn it wetter wannear't blykt dat se swier is fan Puck.

Sa evoluearret it koar en wy folgje harren op wei nei harren grutte dream: de nasjonale koarenwedstriid winne (nettsjinsteande in protte obstakels dy't se op harren wei tsjinkomme).

Oare figueren binne stúdzjeadviseur Emma Pillsbury (Jayma Mays), dy't in bytsje fereale is op Will; Ken Tenaka (Patrick Gallagher), de footballkootsj fan de skoalle dy't wol wat fielt foar Emma en te'n lêsten Wills frou Terri (Jessalyn Gilsig), dy't materialistysk en egoïstysk is.

Opset[bewurkje seksje | edit source]

Yn de gearstalling fan 'Glee Club' wurde in protte minderheden yn de Amerikaanske maatskippij fertsjintwurdige. Sa is it in goede ôfspegeling dêryn't eltsenien in persoanaazje fynt dêr't er him mei ydentifisearje kin. Sa spylje der bygelyks swarten, Asiaten, homoseksuelen, latino's en joaden yn it programma.

Ek is de muzyk dy't yn it programma brûkt wurdt in grut ferskaat fan musyksoarten, dêr eltsenien ek syn eigen smaak yn weromfine kin. Yn elts programma komme der op syn minst trije ferskes foar, gauris pop, mar ek oare sjânres.

Cast hjoed-de-dei[bewurkje seksje | edit source]

Wichtichste leden fan de 'Glee Club'
Amber Riley spilet Mercedes yn Glee
Haadpersoanaazjes
Akteur Persoanaazje Perioade
Lea Michele Rachel Berry 2009 - hjoed
Cory Monteith Finn Hudson 2009 - hjoed
Matthew Morrison Will Schuester 2009 - hjoed
Amber Riley Mercedes Jones 2009 - hjoed
Chris Colfer Kurt Hummel 2009 - hjoed
Darren Criss Blaine Anderson 2010 - hjoed
Mark Salling Noah Puckerman 2009 - hjoed
Kevin McHale Artie Abrams 2009 - hjoed
Jenna Ushkowitz Tina Cohen-Chang 2009 - hjoed
Dianna Agron Quinn Fabray 2009 - hjoed
Naya Rivera Santana Lopez 2009 - hjoed
Heather Morris Brittany Pierce 2009 - hjoed
Jane Lynch Sue Sylvester 2009 - hjoed
Harry Shum, Jr. Mike Chang 2009 - hjoed
Chord Overstreet Sam Evans 2010 - hjoed
Jonathan Groff Jesse St. James 2009-2010 + 2011-hjoed
Jayma Mays Emma Pillsbury 2009 - hjoed
Ashley Fink Lauren Zizes 2009-2010 - 2011-hjoed
Patrick Gallagher Ken Tenaka 2009 - 2010
Jessalyn Gilsig Terri Schuester 2009 - hjoed
Iqbal Theba Principal Figgins 2009 - hjoed
Mike O'Malley Burt Hummel 2009 - hjoed
Dot Marie Jones Shannon Beiste 2010 - hjoed

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]