Glamourfotografy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
model Alyssa Nicole Pallett posearjend foar in glamourfoto (2009).

Glamourfotografy is in sjenre fan fotografy wêrby't de modellen, dy't oer it algemien froulik binne, portrettearre wurde op in romantyske of seksueel oantreklike manear. De modellen kinne folslein oanklaaid wêze, mar ek kinne se foar in diel ûntklaaid wêze. As dat it gefal is, heart de oangeande foto ek ta it sjenre fan 'e neakenfotografy. Hielendal neaken binne de modellen by glamourfotografy lykwols nea, alteast net op in manear dy't harren meast yntime lichemsdielen toant. Dat kin foarkommen wurde troch dy te ferbergjen mei lang hier, hannen of oare lichemsdielen, of mei sekuer pleatste eleminten op 'e foargrûn fan 'e foto, lykas planten of fruitskalen.

Foto's dy't ta it sjenre fan 'e glamourfotografy hearre, binne almeast posearre bylden fan in model yn in beskate posysje. De modellen dogge soksoarte wurk faak beropsmjittich, mei't der goed jild mei te fertsjinjen falt, en de foto's binne oer it algemien bedoeld foar kommersjeel gebrûk en massaproduksje, yn 'e foarm fan reklameposters, kalinders, pin-up-posters of fotorapportaazjes yn manljusblêden, lykas FHM en Maxim. Soms wurde lykwols amateurmodellen brûkt. Ek minderjierrigen kinne it ûnderwerp wêze fan glamourfotografy, al sille dy dan inkeld folslein oanklaaid yn byld brocht wurde. Likegoed wurdt glamourfotografy mei minderjierrigen yn guon fermiddens ôfkard. Fotografen brûke in kombinaasje fan kosmetika en beljochting by it nimmen fan 'e foto en fotobewurkingstechniken neitiid om in oantreklik byld fan in model te produsearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.