Giuseppe Garibaldi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Garibaldi

Giuseppe Garibaldi (Nice, 4 july 1807Caprera, 2 juny 1882) wie in Italjaanske frijheidsstrider.

Yn 1848 focht Giuseppe Garibaldi oan de side fan Sardynje tsjin Eastenryk. Nei de oerwinning troch Eastenryk gie er nei Rome om de dêr oprjochte republyk helpe te ferdigenjen tsjin de Frânsken, dy't de paus te help komme wiene. Yn 1859 stie hy oan it haad fan in Sardynsk legerkorps dat mei sukses tsjin de Eastenrikers stride. In jier letter kaam hy, ûnder beskerming fan de Britske fleat, mei 1062 frijwilligers in opstân yn Sisylje te help, lâne dêrnei mei in kriichsmacht fan 10.000 man op it fêstelân en joech de legers fan Frans II fan Eastenryk foar him út nei Gaeta.

Om de ienheid te bewarjen erkende Garibaldi, dy't sels oertsjûge republikein wie, Victor Emanuel as kening fan Itaalje. Oan de side fan de kening lûkt er op 7 novimber 1860 de stêd Napels binnen, mar wegere in offisjele funksje en alle bewizen fan ear. Noch twaris (1862 en 1867) besiket er syn ideaal, Rome (dat ûnder pauslik bewâld stie) ta haadstêd fan Itaalje te meitsjen, mar beide kearen waard syn leger ferslein. Nei de fal fan Napoleon III bea er syn tsjinsten oan oan de Tredde Republyk en stride tsjin de Dútsers. Yn 1874 waard hy yn Itaalje lid fan de Keamer fan Offeardigen. Yn 1876 loekt er him op Caprera werom.