Gintsiaanblaujurkje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gintsiaanblaujurkje
Glaucopsyche alcon-02 (xndr).jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Maculinea alcon

It Gintsiaanblaujurkje (Maculinea alcon) is in soarte yn de famylje fan de Reachwjukflinters (Lycaenidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It Gintsiaanblaujurkje is slim bedrige. De flinter stelt hege easken oan it libbensgebiet. Gintsiaanblaujurkjes libje op wiete heide en fochtige greiden. Se binne tige honkfêst. Om't út ûndersyk bliken die dat it Gintsiaanblaujurkje hiel sterk efterút gien is, hat de Flinterstifting in beskermingsplan opsteld. Ta it behâld en ferbinen fan de libbensgebieten fan it Gintsiaanblaujurkje wurde stikjes heidefljild plagge. Dit wurdt in pear kear yn it jier dien mei groepkes frijwiligers fan de Blauwe Brigaden. Der moat plagge wurde om't de flinters harren aaikes lizze op it Skieppeklokje dat ferlet hat fan iepen romte op de heide. Mar it moat mei de hân dien wurde om't oars ek de eamelnêsten fuorthelle wurde, dêr't de rûpen ferlet fan hawwe.

Op de reade list stiet de flinter as: bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is likernôch 17 mm. By de mantsjes is de boppekant fan de fleugels sûnder plakken. De wyfkes binne griisbrún mei ûndúdlike plakken en soms blauwe bestowings.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fan ein juny oant begjin septimber, foaral 15 oant 30 july. It Gintsiaanblaujurkje fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De flinter leit syn aaikes mar op ien plant en dat is de Gintsiaan. De rûp yt allinnich fan dy plant. Nei tsien dagen lit de rûp him op de grûn falle. Ien kear op de grûn wurde se fûn troch de Rûchknoopeamels (Myrmica scabrinodis), de Boskstékeamels (Myrmica ruginodis) of de Reade Stekeamels (Myrmica rubra), dy't de rûpen meinimme nei it nêst. De rûp jout de eamels swiete stof, dêrfoar fersoargje de eamels de rûp. As de rûp grut genôch is ferpopket de rûp him. As de flinter út de pop komt, moat er meitsje dat er fuort komt, oars pakke de eamels de flinter.

De rûp fret allinnich de Gintsiaan.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]