Gildebert I

Ut Wikipedy
Stanbyld fan Gildebert, Louvre, Parys, sa. 1239–1244

Gildebert I, (* ± 496 - † 23 desimber 558 ), wie de fjirde soan fan de Merovingyske kening Klovis I, de tredde út syn houlik mei Klotilde. By de ryksferdieling fan 511 ferkrige hy de haadstêd Parys en regeare oant syn dea.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gildebert hie útsein syn âldste healbroer Teuderik I, noch trije bruorren dêr't de âldste fan Ingomer, ferstoar as bern. De oare twa wienen Klodomer en Klotarius I. Nei de dea fan harren heit Klovis yn 511 ferparte Teuderik, Klodomer, Gildebert en Klothar it ryk ûnder elkoar. Gildebert krige it kustgebiet tusken de Somme en Loire mei Bretanje en Brie en in westlik stik fan Akwitaanje. Parys waard syn residinsje.

Nei de dea fan Klodomers, dy't by in fjildtocht tsjin de Boergonden yn 524 op it libben kaam, beslute Gildebert en Klotarius, de trije minderjierrige soannen fan Klodomer, harren neven, út de wei te romjen, om sa de erfenis te ferkrijen. Op inisjatyf fan Gildebert deadet Klotarius eigenhannich de twa âldsten. No koe Gildebert syn ryk útwreidzje mei in part fan Klodomer syn neilittenskip.

Syn besykje om in stik grûngebiet (de Auvergne) fan syn healbroer Teuderik ôfhandich te meitsjen, mislearret. Letter adoptearret hy Teudebert I, de ienige soan fan Teuderik en bestimt him ta syn opfolger. Lykwols stjert Teudebert yn 547/548. Nei de definitive ûnderwerpen fan de Boergonden mei syn bruorren, slagget hy deryn syn Ryk mei parten fan Boergonje en de Provence. Ferskillende kearen fiert er kriich tsjin de Fisigoaten ûnder Amalrik en oerwint dy úteinlik (531) yn Narbonne.

Gildebert troude op syn ierst yn 512 mei Ultrogoto, in frou fan fermoedlik Goatyske komôf. Mei har hie er twa dochters, Grodoswinth en Grodoberga, mar gjin soan. Omdat er gjin opfolger hie, foel nei syn dea yn 558 syn keninkryk ta oan syn broer Klotarius. Klotarius dy't allinnichhearsker wurden wie, stjoerde Ultrogota en har twa dochters fuort yn ballingskip. Hja wie in fromme, edelmoedige frou en waard as in hillige beskôge.

Gildebert wie de earste Merovinger dy't yn Paryske abdij St. Vincent, de lettere St. Germain-des-Prés begroeven waard, dêr him letter it famyljemasoleum befûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Edward James, De Franken, Baarn-1988.

Midsiuwske boarne: