Giele plomp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Giele plomp

De Giele plomp (Latynsk: Nuphar lutea) is in algemien foarkommende wetterplant, dy't driuwende blêden hat en ta de wetterleeljefamylje (Nymphaeaceae) heart.

De giele plomp ferbreidet him mei woartelstokken en mei sied. Yn it earste jier hat de plant meast allinnich blêden dy't net boppe wetter komme. Pas yn it twadde jier binne driuwblêden te sjen. Ek komt yn de simmer dan de giele blom oan de oerflakte, dy't tinken docht oan dy fan de bûterblom. De giele plomp waakst yn djipper wetter en produsearret in soad soerstof. De plant kin der min oer as der yn de grûn dêr't er yn stiet omdold wurdt.

De blêden fan de giele plomp wurde pompeblêden neamd.


[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen