Springe nei ynhâld

Giele luzerneflinter

Ut Wikipedy
giele luzerneflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai luzernefinters (Colias)
soarte
Colias hyale
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De giele luzerneflinter (Colias hyale) is in soarte yn it skaai fan de luzerneflinters (Colia).

In seldsume trekflinter dy’t yn wikseljende oantallen per jier yn Nederlân sjoen wurdt. De oantallen wurde de lêste jierren minder. Oant juny wurde measte giele luzerneflinters sjoen yn Limburch. Dernei wurde hja mear ferspraat oer it hiele lân oantroffen.

De wjuklingte is likernôch 20 oant 25 mm. De boppekant fan de wjuk is spits mei in donkere tekening. De grûnkleur fan de mantsjes is ljocht grieneftich giel. De Giele Luzerneflinter rêstet noait út mei sprate wjukken.

De earste flinters wurde sjoen yn maaie en juny. De neikommelingen derfan fleane fan july ôf.

De rûpen wurde sjoen fan heal juny ôf. Op plakken dêr't de flinter sjoen wurdt oerwinteret de soarte as healwaaks rûp. De rûp fret fan de Luzerne, Wikje en Klaver.