Giel Boumantsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Giel Boumantsje
Motacilla flava.jpg
taksonomy
Klasse: Aves (fûgels)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Boumantsjes (Motacillidae)
soarte
Motacilla flava

It Giel Boumantsje (Motacilla flava) is in 16 sm grutte fûgel út de famylje fan de Boumantsjes.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

It Giel Boumantsje wurd ek wol Gielboarstje of Giele Wipsturt neamd.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It Giel Boumantsje is der yn ferskillende foarmen. Der binne ferskeidene ûndersoarten dy't foaral by harren kop ferskille. Se hawwe wol allegear in giele boarst en búk en in grienbrune rêch.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Giele Boumantsjes komme foar yn it iepen fjild. Yn sompen of op it boulân mar it meast yn de greiden, yn de buert fan wetter.
De fûgels briede yn Europa en Aazje, mar oerwinterje meast yn Afrika en it súden fan Aazje. Der is ek in populaasje yn Alaska yn Noard-Amearika, dy fûgels oerwinterje meast súdliker by de Pasifyske kust.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Giele Boumantsjes ite meast ynsekten dy't troch it fee yn de greiden opjage wurd. Se rinne mei de bisten mei at se iten sykje werby se hurd rinne en ûnderwilens ek stil steane werby se mei harren sturt op en del wippe. Ek at se oerwinterje yn Afrika sykje se it selskip fan boeren mei harren fee.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It Giele Boumantsje makket in nêst op de grûn ferside tusken it gers. Yn it nêst leit it wyfke 4-6 wyteftige aaien mei griisbrune plakken. It wyfke briedt de aaien yn 11-12 dagen út wernei de jonge fûgels nog 11-13 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. Dernei ferlitte de jongen it nêst wylst se dan noch net fleane kinne. De boumantsjes bringe yn in jier ien of twa nêsten mei jongen grut.