Gerrit Dijkstra
Ut Wikipedy
Gerrit Dijkstra, ( Britswert, 3 desimber 1897 - Lochem, 13 maaie 1973 ), wie in frisist en learaar Dútsk oan de gymnasia fan Ljouwert en Snits oant 1963. In bekend learling fan Dijkstra is Cees Andriesse.
Dijkstra promovearre yn 1946 op in Fryske dissertaasje oer libben en wurk fan Eeltsje Halbertsma en sette út it Yslânsk en it Deensk oer, nammentlik de Grunnlaugssaga (Noarske sêge, 1958); De domiy fan Vilby (fan Blicher, 1952); De Fiskers (fan Hans Kirk, 1965) en It nije Hiem (fan William Heinesen, 1972)
De Skandinavyske bibleteek fan him waard ûnderbrocht yn de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert. Syn frou Welmoed Dijkstra-Talsma fersoarge fan 1931-1952 de bernerubryk fan de Ljouwerter Krante ûnder de namme Muoike Wike.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|