Gerrit Breteler

Ut Wikipedy
Gerrit Breteler
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 27 augustus 1954
berteplak Ynskedee
stoarn 18 maaie 2023 (68 jier)
stjerplak Nes
wurkpaad
berop/amt keunstner, tekstskriuwer, sjonger
jierren aktyf sûnt 1975
reden
  bekendheid
sjonger, toanielskriuwer, byldzjend keunstner
offisjele webside
Webstee Gerrit Breteler
Anne Goaitske
Nynke Laverman

Gerrit Breteler (Ynskedee, 27 augustus 1954 - Nes, 18 maaie 2023 [1] ), wie in keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Breteler is de soan fan in Fryske mem en in Hollânske heit en groeide op yn Ynskedee. It ferfarren fan de húshâlding yn 1967 nei Hurdegaryp fielde as in befrijing foar Gerrit. Yn Ynskedee fielde er him nea thús, de earste moannen hie er it gefoel oft er fakânsje hie. Hy studearre yn 1975 ôf oan de Vredeman de Vries-Keunstakademy. Dêr lei er him ta op de techniken fan de masters út de Goudene iuw, dêr’t er troch fassinearre wie. Yn de jierren santich en tachtich is der binnen de keunstoplieding net in soad wurdearring foar it tradisjonele ambacht. Gerrit moat dan ek nei museums om kennis te garjen. Syn skilderijen wolle pikturale lekkernijen wêze. It giet him net om in realistyske werjefte, mar om sýn werjefte fan de realiteit. Breteler neamt him nei lang tinken úteinlik in romantysk realist. Fan de gemeente Ljouwert krige er doe de Drompelpriis foar bêste studint. Foar syn bestean wurke er doe in tal dagen wyks as kreatyf terapeut oan it psychiatrysk sikehûs. Yn dy jierren helle er ek it foech om les te jaan. Breteler wennet mei Anke Bijlsma en syn beide bern Hylke en Anne Goaitske op in grutte kop-hals-romppleats tusken Nes en Easternijtsjerk. Syn passy's binne muzyk, skilderjen en skriuwen. Hy treedt regelmjittich op mei lieten en foardrachten. Dat er syn stikken op rym makket docht er foar de kadâns. De lêste tiid hâldt er him lykwols hieltyd mear dwaande mei tekst. Hy wurket ien moantiid wyks oan it Sintrum foar Keunstsinnige Foarming Meldij/Karwei yn Drachten.

Skilderjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dame neaken

Breteler skildert yn de tradysje fan de 17e-iuwske Hollânske masters, hy hat net folle mei abstrakte keunst. Hy hat ûnder oaren portretten fan Gerard Reve, Gunnar Daan en Roel Oostra skildere, mar ek in soad hynders. Yn 1994 hie er in eksposysje yn Drachten: Sân Stikken foar de Hear dêr't syn grifformeard komôf út nei foaren komt. Yn 2006 hat er in eksposysje yn museum It Admiraliteitshûs yn Dokkum. Breteler eksposearre as byldzjend keunstner ek yn Dútslân, Frankryk en Ingelân.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As musikus hat er sjonger west yn de band Kneppelfreed. Hy spile tegearre mei Ernst Langhout op fluit, gitaar en fioele yn Haggis en wie akkordeonist, fluitist en sjonger yn The Hones. Mei de troch him mei oprjochte muzykgroep “Fling” trede hy oant 2002 op as fertolker fan bynammen Ierske folksmuzyk. Dat die er as sjonger, gitarist en toetsenist. Tsjintwurdich makket Breteler poëtyske Fryske lieten, dy't er sels sjongt en begeliedet.

Foarstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moortje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Breteler ferfryske en bewurke it toanielstik Moortje, fan de toanielskriuwer G.A. Bredero. It yn it hjoeddeiske Fryslân spyljende blijspul waard yn 2004 opfierd yn Dokkum.

Kredo Quia Absurdum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei etika dûmny Yvonne Hiemstra brocht er yn Fryske tsjerken it teaterprogramma Kredo Quia Absurdum. In muzyk- en fertelfoarstelling wêrby't God te praat komt yn de striid tsjin de ferflakking yn de maatskippij. Mei de tema's 'Doe’t God ferdwûn út Jorwert' en 'It druvehôf fan Naboth' wurde de minsken oan it tinken setten yn in ôfwikseling fan sang en foardracht. it Kredo Quia Absurdum pretendearret fernijing te bringen op it snijflak fan keunst, religy, kultuer en filosofy, mei respekt foar wat wie en ea bestie. De reade tried yn de foarstelling is leauwe, leafde en fergonklikheid.

Opus Exit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 skriuwt er teksten by de muzyk fan Opus Exit. Mids juny 2008 waard dit rekwiëm 'Oer de Seedyk' by Peazens-Moddergat opfierd en registreard troch Omrop Fryslân. It is in oade oan de fiskersramp yn by Peazens-Moddergat wêrby't yn 1883 83 fiskers ferdronken. Dit rekwyem giet oer de teloargong fan de âlde boere- en fiskerskultuer, mar ek oer eltseniens libben dat foarby giet. It ferlies oan identiteit is net allinnich in Fryske oangelegenheid, fynt Breteler. Mar it is neffens him oan Fryslân dúdlik te sjen dat iuwenâlde tradysjes yn ien generaasje ferdwine. De teatrale foarstelling is in kombinaasje fan in unike iepenloftlokaasje mei sicht op It Waad en de histoarje oanfold mei solisten as hysels, Miranda van Kralingen en koarpartijen troch Vocaal Ensemble Cantatrix, orkestbegelieding troch it Nij Filharmoanysk Orkest.

De Oerbliuwers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it Iepenloftspul De Harkema skreau Breteler it toanielstik De Oerbliuwers. Yn dit stik oer 'ferstedsking' is sprake fan ferhúzjen fan de ynwenners fan de noardlike provinsjes nei de Rânestêd. Dit omdat dêr wurk, dynamyk en takomst lizze soe. Bulldozers steane al klear om it lân fan de oerbliuwers om te romjen.[2]

Fjouwer Kroechteäterstikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katarsis

Sûnt 2007 giet it kroechteaterstik 'Katarsis' de kroegen yn Fryslân del. Al mear as 160 foarstellings binne der spile. Bretelers styl is dúdlik te werkennen: alles op rym. Syn foarstelling Katarsis rûn hast in jier mei in soad súkses yn kafee 'De Bûnte Bok' yn Ljussens. Syn frou Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma, kroechbaas fan it kafee spilen de foarstelling. Alderhande markante personaazjes dy’t it kafee oandogge hâlde elkoar en it publyk in spegel foar hoe’t feroarings op maatskiplik, etysk en estetysk mêd in minske (mis)foarmje kinne. It stik hat in dúdlike boadskip: as in minske syn woartels net hoedet en noedet, wat bliuwt der dan fan syn wêzen oer.. De CD Katarsis stie yn juny 2012 twa wiken yn de Nederlânske Album Top 100.

Kredo

Kredo is de offolger fan Katarsis en spilet him ôf yn de kroech oan de taap. Tema is de ferhâlding fan it hjoeddeiske plattelân mei de minsk. Hoe feroaret de ferhâlding mei de flugge feroarings en hoe beynfloedet it harren en harren taal. Sintraal yn it stik stiet Pytsje, de fiskersfrou út Peazens dy't mei sykte en tsjinslach te krijen hat. It stik is op rym en sit fol koartswyl en tragyk. Alle rollen fan dizze teaterproduksje wurde spile troch twa akteurs.

Krimp

It tredde komyske kroechteäterstik Krimp wie de opfolger fan Katarsis en Kredo. It stik waard yn 2013 spile yn lytse kafees, teäters en doarpshuzen. Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma spylje de haadrol yn it stik oer de krimp fan it Fryske plattelân. It stik waard regisearre toch Ljouwerter Jan Jaap van der Wal.[3]

Kredyt

Yn dit fjirde kroechteäterstik Kredyt út 2015 spylje Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma de haadrol. [4]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Breteler makke ek LP-hoezen; ûnder oaren foar Irolt.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Still (2017)
  • Katarsis (2005)
  • Lit ús dêrom drinke (2004)
Mei oaren

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
Referinsjes
  1. Omrop Fryslân
  2. De Oerbliuwers, breteler.nl
  3. Komische voorstelling ‘Krimp’ van Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma, Friesland Post, 14 novimber 2014
  4. "Kredyt"… Prachtige theatershow voor in de kroeg. Zaterdagavond uitverkochte voorstelling in dorpshuis De Kruisweg Damwâld., nanneoedz.com