Gerrit Aalfs
Ut Wikipedy
Gerrit Aalfs ( Vries, 31 july 1892 - ? ) wie in learaar en filmmakker. Aaklfs wie tekenlearaar oan de HBS yn Harns tusken 1922 - 1957. Hy wurdt beskôge as de nestor fan de Fryske smelfilm-amateurs.
Hy krúste op syn motorfyts troch hiel Fryslân om te filmjen en te fotografearjen. Hy hie in foarkar foar it Waad en de Súdwesthoeke.
Yn syn Suderseefilm docht er in krekt ferslach fan it wurk oan de Ofslútdyk tusken 1926 - 1932. De film is yn besit fan de Direksje Suderseewurken en is yn hiel Nederlân te sjen west. Oare bekende films fan him binne in Lânboufilm út ± 1930 en Fryske dokumintêres oer sportgebeurtenissen en it lânskip.
Yn 1950 giet Aalfs werom nei Drinte en hâldt him dan wer dwaande mei fotografy, dêr't alles mei begûn wie.[1]
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |