Springe nei ynhâld

Germaanske namme

Ut Wikipedy

In Germaanske namme is in namme, ornaris in foarnamme, dy't in Germaanske oarsprong hat. De âldste Germaanske nammen dy't oerlevere binne, binne út de Romeinske tiid, en binne yndie troch de Romeinen oerlevere. Mear nammen binne oerlevere út de Midsiuwen. Mei't der mear ûnderskiedene talen kamen, wurde der allinnich noch Germaanske nammen beskôge dy't dúdlik fan oarsprong Germaansk binne, al wurde dy ek oerlevere yn oare talen.

Ornaris binne Germaanske foarnammen opboud út twa parten, dy't beide harren eigen betsjutting hawwe. It is net krekt dúdlik at dy twa betsjuttings altiten ta ien betsjutting fan 'e namme kombinearre wurde kinne. De alderâldste en alderlêste Germaanske nammen binne net altiten dúdlik út twa parten opboud. Der is ferskil yn ynsjoch oer oft dy nammen ôfsliten of ferfoarme binne mar al by deselde tradysje hearre, as dat it ienfâldich óare nammefoarmen binne.

Dit artikel is in stobbe oer in namme.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.