Gerhardus Jan Adema
Gerhardus Jan Adema (Frjentsjer, 26 desimber 1898 - Ljouwert, 15 desimber 1981) wie in Fryske keunstner.[1]
Adema wie hússkilder yn Huzum, as keunstner wie hy autodidakt. Yn de Ljouwerter Krante advertearre hy yn 1938 as "Schildersbedrijf G.J. Adema annex beeldhouwer, portret- en reclameschilder".[2] Hy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners.
As skilder ha Adema foaral it hynder as ûnderwerp, hy eksposeare jierliks by it concours hippique in Ljouwert. As byldhouwer makket hy meardere brûnzen portretten. Wie teffen medaljeur en restaurateur fan skilderijen. Syn bekendste wurk is sûnder mis syn byld fan de Frysk stamboekko (1954), dat al fluch de bynamme Us Mem krigen hat.
Adema is ferstoarn yn it Ljouwerter Sint Bonifatius Hospitaal, twa wiken foar syn 83e jierdei.
Wurk [bewurkje seksje]
- doopfont (1956)
- gevelbyld Fransiskus fan Assisy (1949)
- gevelstien Gysbert Japiks (1960)
- boarstbyld Titus Brandsma (1966)
- plakette yn granyt oan Gysbert Japicksbrêge.
- boarstbyld J. Heeres, grûnlizzer Van der Plaats NV
- boarstbyld Eise Eisinga (1982)
- plakette Eise Eisinga (1928)
- Us Mem (1954)
- jongeling ambachtsskoalle.
- * ploechgong Stania State.
- Monumint Lammert Scheltes Hilarides (1937)
Fotogalery [bewurkje seksje]
Boarnen [bewurkje seksje]
- ↑ Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- ↑ Ljouwerter Krante, 21 maart 1938
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerhardus Jan Adema fan Wikimedia Commons. |