Springe nei ynhâld

Gerhard Feige

Ut Wikipedy
Gerhard Feige (2008)

Gerhard Feige (Halle, 19 novimber 1951) is in Roomsk-katolyk geastlike. Hy is sûnt 2005 biskop fan Magdeburg (Magdeburg).

Feige waard ta pryster wijd op 1 july 1978. Hy waard 19 july 1999 ta help-biskop fan Magdeburg beneamd en titulêr biskop fan Tisedi. 11 septimber 1999 waard er ta biskop wijd troch Leopold Nowak, biskop fan Magdeburg, mei Joachim Wanke, biskop fan Erfurt, en Paul-Werner Scheele, biskop fan Würzburg, as ko-konsekrators.

23 febrewaris 2005 waard hy ta biskop fan Magdeburg beneamd en 16 april 2005 ynstallearre.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]