Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gerard van Swinderen)
Jkh. Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen

Jonkhear Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen (Grins, 26 juny 1804 - Neerlangbroek, 21 juny 1879) wie politikus en grytman fan Gaasterlân.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan jonkhear mr. Oncko van Swinderen van Rensuma en fan Quirina Jacoba Johanna Gerlacius. Yn desimber 1826 waard er luitenant op see, naam as sadanich diel oan it bombardemint fan Antwerpen en waard beneamd ta ridder fan de Militêre Willemsoarder. Oan it begjin fan 1834 op syn fersyk earfol út de seetsjinst ûntslein, waard hy yn 1835 ynstee fan syn âldere broer beneamd as grytman fan Gaasterlân. 13 febrewaris 1849 lid fan de Earste Keamer, bleau dat oant syn dea. Fan 1857 - 1863 boargemaster fan Gaasterlân. Doe 't syn soan de ridderhofstee Lunenburg yn it Utertske Langbroek erfde fan syn muoike, de barones v. Lynden v. Lunenburg, liet hy syn heit it kastiel bewenje. Dy stoar dêr yn 1879.

Hy troude twa kear. Earst 3 maart 1834 op Huzinge Riis (gemeente Murns en Bakhuzen) mei Constantia Johanna barones Rengers, (Ljouwert, 19 maart 1795 - huzinge Riis, 21 septimber 1859), dochter fan baron Lamoraal Albertus Aemilius en fan Francina Godardina Constantia barones van Lynden van Lunenburg. Dêrnei troude hy fannijs yn Amsterdam 17 desimber 1863 jonkfrou Gabriëlle Johanna van Iddekinge, (dêre, 17 desimber 1826 - te Clarens, 4 desimber 1895), dochter fan jhr. Mr. Johannes en van Johanna Jacoba Momma. Ut it earste houlik 2 dochters en in soan, Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen.

Yn maart 1934 wie it hûndert jier lyn, dat de van Swinderens har op huzinge ‘Riis’ fêstige hiene. In feit dat troch de befolking fan Gaasterlân doe feestlik betocht waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: