Gerard Cooreman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gérard François Marie Cooreman (Gint, 25 maart 1852 - Brussel, 2 desimber 1926) wie in Belgyske politikus.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Gerard Cooreman waard berne yn Gint. Syn heit wie bankier en in ryk man. Syn heit wie de meistifter en ûnderfoarsitter fan de Cercle Catholique de Gand. Sa kaam Gerard Cooreman as snel yn oanrekking mei de polityk en de politike figueren út Gint. Hy studearre yn Namen en helle yn 1875 it diploma fan doktor yn de rjochten oan de Gintske universiteit. Hy fêstige him as advokaat yn syn bertestêd, mar wie benammen aktyf yn de finansjele wrâld. Derneist hold Cooreman him dwaande mei de katolike sosjale wurken yn Gint.

Yn 1892 op 40-jierrige leeftyd waard Gerard Cooreman senator foar it arrondissemint Gint. Seis jier letter waard him as kompromisoplossing by in mieningsferskil yn de katolike feriening it earste plak foar de keamer oanbean. De eigenskip om fersoenend op te treden hat syn hiele politike loopbaan in wichtige rol spile. Hy wie in aardige man dy’t in typysk foarbyld wie fan in rike boarger út de hegere sakewrâld rûn de ieuwikseling, konservatyf mar tige pragmatysk. Yn 1899 wie Cooreman inkele moannen minister fan niverheid en arbeid yn it kabinet Van den Peereboom. Yn de kommende jierren probearre hy in bemiddeljende rol te spyljen tusken de konservative katoliken en de jonge rjochterside. Hy hie gjin sympaty foar de útwreiding fan it stimrjocht.

Yn 1908 waard hy keamerfoarsitter en bleau dat oant 1912. Nei de fal fan de reagering Schollaert yn 1911 woe de kening him de foarming fan in nij kabinet tabetrouwe, mar hy wegere. Yn 1912 waard hy minister fan steat en yn 1914 ferliet hy it parlemint en waard direkteur fan de Société Générale de Belgique, By it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich folge Cooreman it regear nei Antwerpen, letter nei Le Havre. Yn Le Havre waard hy belêste mei in offisjele misje nei Nederlân yn oktober 1914 en nei Spanje yn 1915. Hy wenne ek as minister fan steat de kabinetsrieden by mei in advisearjende stim. Nei it ûntslach fan kabinetslieder de Broqueville, die kening Albert noch in berop op Coorenman om de lieding fan it kabinet op him te nimmen. Dizze kear sei hy ja.

Op 13 novimber 1918, twa dagen nei de wapenstilstân biede Cooreman it ûntslach oan fan syn regearing. Yn de rin fan de dagen kaam te Loppem de regearing Delacroix ta stân. De omstannichheden wêrop dit alles barde is hjoed de dei in diskusjepunt. In soad minsken ferwite Cooreman dat hy syn ûntslach fierstente gau jûn hat en sa kening Albert frij spel joech om syn wil troch te driuwen. Nei de Earste Wrâldkriich luts Cooreman him werom út de polityk. Hy ferstoar op 74-jierrige leeftyd op 2 desimber 1926.

Argyf Cooreman[bewurkje seksje | edit source]

De papieren fan minister fan steat Gerard Cooreman waarden bewarre troch syn âldste soan Victor Cooreman (1879-1976). Nei syn ferstjerren gie it grutste diel fan it argyf oer nei de soan fan Paul Cooreman, dy’t de dokuminten yn 1985 oan it KADOC yn bewar joech. In diel fan de papieren rekke nei de dea fan Victor Cooreman oer de famylje ferspraat. Jacques Piens in oerpakesizzer fan Gerard Cooreman socht al it materiaal werom en stelde it yn 1992 ter beskikking oan it KADOC.

It diel fan it argyf oer de perioade fan foar de Earste Wrâldkriich befettet ûnder oare inkele nijsgjirrige gegevens oer de foarming fan de kabinetten en it parlemintêre wurk, mar benammen oer it katolike organisaasjewezen. It diel oer de Earste Wrâldkriich is foar ûndersikers it meast ynteressant. Cooreman wie as minister fan Steat nau belutsen by it regearingswurk. Foaral de ekonomyske problematyk ynteressearre him en yn juny reservearre hy dan ek de post foar Ekonomyske Saken foar him sels. It argyf befet ynformaasje oer de befoarrieding fan Belgje en de plannen foar de weropbou. Dêrneist binne der in soad dokuminten oer Belgysk-Kongo. Dizze dokuminten binne faak opsteld troch Jules Renkin, minister fan koloanjes. Wêrom dat Cooreman dizze dokuminten krigen hat is net dúdlik, de measte dokuminten fan Renkin binne opsteld foar de kening.