Gerard Adriaan Heineken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gerard Adriaan Heineken (Amsterdam, 29 septimber 1841Amsterdam, 18 maart 1893) wie de stifter fan bierbrouwer Heineken. Op 15 febrewaris 1863 naam hy de brouwerij De Hooiberg oer oan de Niewezijds Voorburgwal yn Amsterdam, hjir begûn hy op 16 desimber fan dat jier mei it brouwen fan bier, ûnder de namme Heineken & Co.[1]

Gerard Adriaan lei de klam op kwaliteit, wat al gau liede ta ynternasjonale prizen. Hy folge de moade út Dútslân troch oer te gean fan boppegisting nei ûndergisting en wie de earste brouwer op de wrâld mei in laboratoarium foar de kontrôle fan kwaliteit. Hy luts in learling oan fan Louis Pasteur as haad fan it laboratoarium. Dizze wittenskipper, dr. Elion, isolearre yn 1886 in gist fan poer bêste kwaliteit, it Heineken A-gist, dat tsjintwurdich noch hieltyd brûkt wurdt.

Tsjin de tiid dat Geard Adriaan Heineken ferstoarn, wie de brouwerij útwaakse ta ien fan de grutste en wichtichste brouwerijen fan Nederlân. Syn pakesizzer, Freddy Heineken (1923-2002), hat Heineken as brouwerij ynternasjonaal fierder útwreide.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gerard Adriaan Heineken (ca. 1841 – 1893), Historiek.net (sjoen op 17 desimber 2009)