George Cayley

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
George Cayley
Plan fan in sweeffleanmasine yn Mechanics' Magazine.

Sir George Cayley, 6e Baronet (Scarborough, Yorkshire; 27 desimber 1773 – Brompton, bewesten Scarborough, 15 desimber 1857) wie in Britske loftfeartpionier. Hy wurdt wol 'de heit fan de Britske loftfeart' neamd. Syn earste sweeffleanmasine boude er al yn 1799.

Hy publisearre 1809 de stúdzje On Aerial Navigation, dêryn behannelet er in tal betingsten foar it fleanen. Hy sette him bygelyks ôf tsjin de idee fan de ornitopter, in fleanmasine dat oandreaun wurdt mei klapwjukjende fleugels. Yn stee dêrfan pleite hy foar aerodynamysk fleanen, dat wol sizze it glydzjen troch de loft mei fêste fleugels dy't liftkrêft leverje en oandreaun troch in motor. Dêrmei yntrodusearre er as earste de basiskonfiguraasje fan fleanmasines.

Yn 1824 hat Cayley de rupsbân (de saneamde caterpillar track) útfûn.

Cayley boude ûnder oaren in sweeffleanmasine dy't sa lykwichtich wie dat er ûnbemanne fan in hichte ôf lansearre wurde koe.

Cayley wie parlimintslid foar de Whig party foar Scarborough fan 1832 oant 1835, en yn 1838 stie er mei oan de widze fan it earste Britske Polytechnysk Ynstitút; de Royal Polytechnic Institution (no Universiteit fan Westminster), dêr't er ek jierrenlang foarsitter fan wie. Teffens wie er mei-oprjochter fan de British Association for the Advancement of Science.

Koart skoft nei syn dea wie syn namme al fergetten; it wêrom is net dúdlik. Dat betsjutte ek dat syn wurk nearne mear te finen wie foar benei alle loftfeartpioniers yn de twadde helte fan de 19e ieu.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • George Caylay: On aerial navigation. yn: Journal of Natural Philosophy, Chemistry and the Arts, Volume 24.
  • Richard Dee: The man who discovered flight. George Cayley and the first airplane. McClelland & Steward, Toronto 2007, ISBN 978-0-7710-2971-4.
  • Charles H. Gibbs-Smith: Sir George Cayley's Aeronautics, 1796–1855. Her Majesty's Stationery Office, Londen 1962.
  • Susan Sibbald: The memoirs of Susan Sibbald 1783 - 1812. Kessinger Publishing. 2010.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]