George Arnold Escher

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
George Arnold Escher

George Arnold Escher (Ljouwert, 10 maaie 1843Arnhim, 14 juny 1939) wie in Nederlânsk wetterboukundich yngenieur dy't yn Japan wurke en by Rykswettersteat. Hy wie de heit fan de grafikus Maurits Cornelis Escher en de geolooch Berend George Escher.

Escher wurke fan septimber 1873 oant july 1878 mei ûnder oare Johannis de Rijke en C.J. van Doorn oan wetterboukundige projekten yn Japan. By syn ferbliuw yn Japan ûntwurp Escher yn Mikuni ek in pier, en in achtkantich gebou dat yn 1879 boud waard, en dat as skoalle brûkt waard.

Nei syn weromkommen út Japan waard hy waterbouwkundig yngenieur yn Maastricht. As protestant slagge it him ynearsten net om yn it rooms-katolike Maastricht in geskikte houlikspartner te finen. Syn oansteande moast net allinnich protestant wêze, mar moast ek foldwaan oan de fergeliking f = 1/2m + 10, wêrby't f stie foar de leeftiid fan de frou, en m foar de leeftiid fan de man.[1]

Escher troude yn 1882 mei Charlotte Marie de Hartitzsch, mei wa't hy twa soannen krige.[2] Neidat hy yn 1885 widner wurden wie[3] troude hy yn 1892 mei Sara Gleichman, mei wa't hy trije soannen krige.[2] Yn 1898 waard Maurits Cornelis berne, harren jongste soan. Escher wurke yn dy tiid yn Ljouwert en joech sûnt 1 desimber 1890 as haadyngenieur lieding oan it distrikt Grinslân en Fryslân fan de Rykswettersteat, en de húshâlding bewenne dêr it Princessehof. Op 1 july 1903 waard Escher dêr haadyngenieur-direkteur fan de direksje Grinslân en Fryslân. Yn 1903 ferhuze de húshâlding nei Arnhim, dêr't hy deselde funksje beklaaide by de direksje Gelderlân en Utert fan de Rykswettersteat oant 1 july 1908.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. v = 1/2m + 10
  2. 2,0 2,1 Stamboom Zuur » George Arnold Escher
  3. Ynventaris fan it famyljeargyf Escher, 1645-1990, side 17