Geoffrey fan Monmouth

Ut Wikipedy
Plaat út Prophetiae Merlini, Merlyn lêst syn profesyen foar oan Vortigern

Geoffrey fan Monmouth, (sa. 1095, Monmouth (Wales) - sa. 1155, Cardiff) wie in geastlike en gelearde, dy't ferneamd stiet as ien fan de wichtichste Britske skiedskriuwers. Hy studearre oan de universiteit fan Oxford en waard dêrnei aartsdiaken van LLandalf en/of Monmouth. Yn 1152 waard hy wije ta biskop fan St. Asaph. Geoffrey skreau ferskate wichtige boeken, mar hy stiet der al om bekend dat er feiten mei praat en fantasearre saken trochinoar mingde.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prophetiae Merlini[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek is foar likernôch 1135 skreaun. De titel betsjut: De profesijen fan Merlyn. It befettet, krekt as de titel sizzen docht, in rige foarspellings dy't dien wêze soenen troch de tsjoender Merlyn.

Historia Regum Britanniae[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Skiednis fan de Britske keningen is Geoffreys ferneamste boek. Dat boek beweart in skiednis te wêze fan de keningen fan Brittanje foar de tiid fan de Angelsaksen (9e iuw). In protte ferhalen binne lykwols basearre op legindes en oerleverings of troch Geoffrey wat ferfraaid. Neffens him soenen alle Britske keningen ôfstamje fan de Grykske kening Eneas. De Historia is ien fan de earste teksten dêr't Kening Arthur yn foarkomt en de âldste nôch besteande tekst dêr't Kening Leir yn neamd wurdt.

Vita Merlini[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geoffreys lêste boek waard tusken 1149 en 1151 skreaun. De titel betsjut: It libben fan Merlyn. Yn dit boek fertelt er de Merlyn-leginde lykas dy bekend wie út de Welske tradysje.

Ingelske oersettingen online[bewurkje seksje | boarne bewurkje]