Geodetyske bôge fan Struve

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Geodetyske bôge fan Struve.
Yn it read de punten dy't op de Wrâlderfgoed list steane.

De Geodetyske bôge fan Struve is rige fan kartografyske trijehoeken dy't fan Hammerfest yn Noarwegen nei de Swarte See rint, troch tsien lannen oer in lingte fan 2820 km; dat systeem smiet de earste sekuere mjitting fan in meridiaan op.

De bôge is stifte en brûkt troch de yn Dútslân berne Russyske astronoom Friedrich Georg Wilhelm von Struve (1793-1864). Fanwege Struve waarden tusken 1816 en 1855 258 trijehoeken en 265 fêste punten opset om de krekte foarm en ôfmjittings fan de ierde bepale te kinnen. Dy punten binne ferskillende objekten; der binne gatten yn rotsen, izeren krusen, stiennen en obelisken dy't de punten oanjouwe.

De term geodetysk ferwiist nei it wiskundige begryp geodeet dat de koartste ferbining tusken punten oantsjut, en nei geodesy, de wittenskip dy't ûnder oaren de foarm fan de Ierde bestudearret.

De Geodetyske bôge fan Struve rint troch de folgjende lannen:

Yn it earstoan wienen dat mar twa lannen; Sweden-Noarwegen en it Russyske keizerryk.

De bôge fan Struve is in opmerklik foarbyld fan wittenskiplike gearwurking tusken gelearden út ferskillende lannen en tusken ferskillende steatshaden. Yn 2005 binne 34 punten fan de Geodetyske bôge fan Struve op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO set.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Struves meridianbåge en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.