Gelbvieh

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gelbviehko

Gelbvieh ("Giel fee") is in dûbelddoel-koweras dat oarspronklik út Beieren yn Dútslân komt. It ras is dêr ein 18e ieu ûntstiena.

It ras hjit ek wol "German Yellow" en "Einfarbiges gelbes Hohenvieh". Nettsjinsteande de namme is it ras hunning-giel oant read, mar troch krusing mei de Angus binne der ek in soad swarte Gelbvieh. It ras is diels ôflaat fan de Switserske kowerassen Schwyz en Berneesken. Sy waarden by de fok selektearre op fleiskwaliteit, molkproduksje en krêft, omt sy ek as wurkbist brûkt waarden. Gelbvieh is yntrodusearre yn Austraalje, Kanada, Súd-Afrika en de Feriene Steaten, meast troch keunstmjittige ynseminaasje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]