Gebrüder Paetel Verlag

Ut Wikipedy
Gebrüder Paetel Verlag
algemien
hist. namme A. Dunckers Buchverlag
nasjonaliteit Dútsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Berlyn (Dútslân)
oprjochte 1837
opdoekt 1945?
oprjochter Alexander Duncker
offisjele webside
n.f.t.

Gebrüder Paetel Verlag wie in foaroansteande Dútske útjouwerij dy't fêstige wie yn Berlyn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bedriuw waard op 2 jannewaris 1837 oprjochte troch útjouwer Alexander Duncker, ûnder de namme fan A. Dunckers Buchverlag. Duncker krige letter it predikaat fan Königlichen Hofbuchhändler ("Keninklike Hofboekhanneler") fan Prusen. Per 1 jannewaris 1870 waard de útjouwerij oernommen troch de bruorren Elwin en Hermann Paetel, dy't op 2 juny 1871 de namme feroaren yn Gebrüder Paetel Verlag.

Under de nije namme krige de útjouwerij benammen bekendheid troch de publikaasje fan it wittenskiplik-literêre tydskrift Deutsche Rundschau en troch de útjeften fan it samle wurk fan 'e Dútsktalige Noardfyske skriuwer Theodor Storm. De briefkerij tusken Storm en de bruorren Paetel is bewarre bleaun en letter útjûn, en foarmet tsjintwurdich ien fan 'e wichtichste primêre boarnen oer Storm syn libben en gedachtewrâld.

Op 1 april 1884 loek Hermann Paetel him út 'e útjouwerij werom, en kaam it bedriuw folslein yn eigendom fan syn broer Elwin. Dyselde waard op 1 july 1899 as direkteur opfolge troch syn soan Georg Paetel, en nei Elwin syn ferstjerren, yn 1907, waard dy ek eigner fan 'e útjouwerij. Georg Paetel bleau oant syn dea yn 1936 direkteur fan Gebrüder Paetel Verlag, en mei syn oanhâldend krewearjen loadste er de útjouwerij troch de Krisisjierren hinne. Neitiid moast it bedriuw ûnder de Twadde Wrâldoarloch lykwols opdoekt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.