Geau's Mole

Ut Wikipedy
Geau's Mole
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Twellingea
koördinaten 53° 00' N 5° 43' E
bysûnderheden
type mûne spinnekop
funksje poldermûne
flecht 12,20 meter
boujier 1832 of 1841; werbou 1988
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39810
Kaart
Geau's Mole (Fryslân)
Geau's Mole

De Geau's Mole is in poldermole beëasten Top en Twel yn de gemeente Súdwest Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Geau's Mole is in mealreeë spinnekopsmole út de earste helte fan de 19e iuw dy't oan it Prinses Margrietkanaal stiet. It is net bekend yn hokker jier de spinnekop krekt boud waard: yn boarnen wurde de jiertallen 1832 en 1841 neamd.

De mole waard setten foar it bemeallen fan de Geaupolder, in simmerpolder beëasten Toppenhuzen, tsjintwurdich in natoergebiet fan it Steatsboskbehear. De Geau's Mole hat in flecht fan 12,20 meter en is it ienige oerbleaune eksimplaar fan de eartiids ûngefear tweintich poldermoles dy't ea om Toppenhuzen/Twellingea stien hawwe.

Yn 1954 en 1965 waard de Geau's Mole restaurearre. Hy waard yn 1981 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. De mole wie doe yn minne steat, sadat hy fan de ryksmonumintelist helle waard en de destiidske Rykstsjinst foar de Monumintesoarch tastimming joech de mole te slopen. Dêr kaam in soad ferset tsjin, wat der ta late dat dochs wer alle jierren in bedrach foar it ûnderhâld fan de mole beskikber steld waard. De kosten fan in restauraasje woe it Ryk lykwols net foar har rekken nimme. Uteinlik barde dat yn 1987 op kosten fan de doetiidske gemeente Wymbritseradiel, de provinsje Fryslân en it Prins Bernhardfûns.

De Geau's Mole, dy't allinnich oer it wetter berikt wurde kin, is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]