Gasselte
Ut Wikipedy
Gasselte is in doarp yn de gemeente Aa en Hunze yn de provinsje Drinte. Gasselte hie (ynfo gemeente Aa en Hunze) op 1 jannewaris 2007 1.614 ynwenners (wêrfan 806 manlju en 808 froulju).
It besjen wurdich[bewurkje seksje]
It besjen wurdich is it Marijetsjerkje út de 13e of ieu), dy't yn de 19e ieu wytplastere is. Gasselte hearde mei Börger, Gieten, Anloo en Súdlaren ta it dingspel Oostermoer. Yn it earstoan wie de parochy fan Gasselte in ûnderdiel fan de parochy fan Borger. Pas yn de 13e of 14e ieu is der sprake fan in selsstannige parochy. De earste - yndirekte - fermelding fan de tsjerke komt út 1360.