Garmt Stuiveling

Ut Wikipedy
Garmt Stuiveling
skriuwer
Garmt Stuiveling (1980)
Garmt Stuiveling (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Garmt Stuiveling
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 desimber 1907
berteplak Strobos
stoarn 11 maaie 1985
stjerplak Hilfertsom
wurk
taal Nederlânsk
sjenre gedichten
jierren aktyf 1928-1985

Garmt Stuiveling (Strobos, 21 desimber 1907 - Hilfertsom, 11 maaie 1985) wie in Frysk letterkundige en heechlearaar yn Amsterdam.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Garmt Stuiveling waard grutbrocht yn Bûtenpost, dêr’t syn heit ûnderwizer wie. Hy folge de HBS en dêrnei it gymnasium yn Grins.

Yn 1935 troude er mei jonkfrouwe Mathilde Van Vierssen Trip. Sy krigen in soan en trije dochters. Dochter Saskia wie steatssekretaris iy it Kabinet-Van Agt II en presidint fan de Algemiene Rekkenkeamer.

Hy waard fral bekend as wittenskipper en troch syn rol yn it maatskiplik libben. Yn 1950 waard er heechleraar Taalbehearsking oan de Gemeente Universiteit (no Universiteit fan Amsterdam). Yn 1956 waard er heechlearaar Nederlânske letterkunde. Hy besoarge ûnder oaren de definitive tekst fan it Folsleine Wurk fan Multatuli (diel 1-17).

Fierders ferfolde er in wichtige rol yn de sosjaal-demokratyske beweging; hy wie pasifist, hielûnthâlder en al foar de oarloch lid fan de SDAP. Hy hie in foaroansteande posysje yn tal fan organisaasjes, ynstellingen en ferienings. Yn 1953 krige er mei (met Kees Lekkerkerker, Piet Meertens en Jac. van Hattum) in sit yn de rie fan advys fan de non-kommersjele Literêre Utjouwerij De Beuk fan Wim Simons, Johan Polak en Frits Knuf. Nei syn emeritaat wie er noch foarsitter fan goed 25 ynstellingen.

Stuiveling skreau yn "Rekenschap" oer it dichtwurk fan Gysbert Japicx en Piter Jelles Troelstra. Yn "Boek van nu" skreaun er oer Rixt.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Een nieuwe jeugd, een nieuwe wereld (1928)
  • Het vraagstuk van de vrede (1929)
  • De studenten en het militaire vraagstuk (1931)
  • Elementen (1931)
  • Verzen van nu (1933)
  • Versbouw en ritme in de tijd van '80 (dissertaasje, 1934)
  • De Nieuwe Gids als geestelijk brandpunt (1935)
  • Erasmus (1936)
  • Wegen der poëzie (1936)
  • De briefwisseling Vosmaer - Perk (1938)
  • De Briefwisseling Vosmaer - Kloos (1939)
  • Jacques Perk, Mathildekrans naar de handschriften (1941)
  • Rekenschap (1941)
  • Een eeuw Nederlandse letteren (1941, 1983[3])
  • Wordend kristal (1945)
  • Herman Gorters kenteringssonnetten (1946)
  • Onvoltooid verslag (1949)
  • Steekproeven (1950)
  • Triptiek (1952)
  • Ego en echo (1957)
  • Het korte leven van Jacques Perk (1957)
  • Uren Zuid (1960)
  • Moderne welsprekendheid (1961)
  • Eeuwig gaat voor ogenblik (1965)
  • Vakwerk (1967)
  • Willens en wetens (1967)
  • Memoriaal van Bredero (1970)
  • Schets van de Nederlandse letterkunde (1980 [32ste druk])
  • Bredero's Groot Lied-boeck (1983)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: