Game of Thrones
Game of Thrones is in Amerikaanske fantasy-tillefyzje-rige dy't sûnt 17 april 2011 útstjoerd wurdt op de tillefyzjestjoerder HBO. De rige is basearre op de boeken út de rige A Song of Ice and Fire fan de Amerikaanske skriuwer George R.R. Martin. De rige hat meardere ferhaallinen. It grutste part fan de rige spilet him ôf op it mytyske kontinint Westeros, dêr't inkele aadlike famyljes om de macht stride. Dêrneist komt ek de striid tusken de "Nachtwacht" (Night's Watch) en de gefaren oer de muorre oan bod. In lytser part fan de rige spilet him ôf op it eastlike kontinint Essos.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal fan Game of Thrones spilet him ôf yn in mytyske wrâld, mei twa kontininten dy't troch in oseaan skieden binne. Op it westlike kontinint Westeros lizze de sân keninkriken. Tsjinoer de oseaan leit it oare kontinint Essos.
De Sân Keninkriken foarmen ea sân aparte steaten dy't troch it geslacht Targaryen mei elkoar ferienige waarden. De Targaryens regearen 200 jierren oer de Sân Keninkriken oant Aerys II Targaryen "de gekke kening" troch in ferbûn fan de Baratheons, Starks, Arryns, Tullings en Lannisters ôfsetten waard en deade. Robert Baratheon (Mark Addy) waard de nije kening. De Sân Keninkriken wurde fan it hege noarden ôfskieden troch in grutte muorre fan iis. De muorre wurdt bemanne troch de Nachtwacht ("Night's Watch"), in krigersoarde dy't it ryk beskerme tsjin de gefaren oer de muorre. Nei de dea fan Aerys II Targaryen flechten syn erfgenamten nei Essos, it eastlike kontinint, dêr boasket Daenarys (Emila Clarke), de jongere suster fan Viserys Harry Lloyd) mei Khal Drogo om mei syn stipe de troan fan harren heit werom te feroverjen.
Earste seizoen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste seizoen jout de ferhalen út it boek A Song of Ice and Fire. Yn Nederlân wurdt de rige sûnt febrewaris 2012 HBO NL útsjoerd.
Twadde seizoen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuort nei de útstjoering fan de earste ôflevering fan it earste seizoen waard besletten dat der in twadde rige komme soe, basearre op it twadde boek A Clash of Kings. De senario's binne lykas de earste rige dien troch D.B. Weiss en David Benioff. Sûnt it twadde seizoen spilet de Nederlânske aktrise Carice van Houten de rol fan Melisandre. It twadde seizoen dat op 1 april yn Amearika útein sette, sil ek wer yn Nederlân útstjoerd wurde.
Tredde seizoen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 april 2012, nei amper twa útstjoerings, kundige HBO oan dat der in tredde seizoen komme sil. Dat sil basearre wurde op de earste helte fan it tredde boek út de rige: A Storm of Swords.
Fjirde seizoen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 2 april 2013, twa dagen nei de earste ôflevering fan it tredde seizoen, makke HBO bekend dat de rige in fjirde seizoen krije soe mei de ferfilming fan de twadde helte fan it tredde boek.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Game of Thrones fan Wikimedia Commons. |
- Amerikaanske fantasysearje
- Ingelsktalige telefyzjesearje
- Telefyzjesearje út 2011
- Telefyzjesearje oer famyljerelaasjes
- Telefyzjesearje oer tsjoenderij
- Telefyzjesearje oer reuzen
- Telefyzjesearje oer sombys
- Telefyzjesearje oer in oarloch
- Telefyzjesearje oer in opstân
- Telefyzjesearje basearre op in literêr wurk
- Telefyzjesearje fan Warner Bros. Television