Baai fan Galway

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Galway Baai)
Kaart fan Ierland mei lizzing fan de Galwaybaai
Kaart fan de Galwaybaai en omkriten

De Baai fan Galway of Galwaybaai (Iersk: Loch Lurgan of Cuan na Gaillimhe; Ingelsk: Galway Bay) is in grutte baai oan de westkust fan Ierlân. Hy leit op de grins fan Clare (suden) mei Galway (noarden). Nammejouwer is de stêd Galway (Gaillimh), dy’t oan de noardeastkant fan de baai leit. De súdkust is ek de grins mei de Burren.

De baai is sa'n 50 kilometer lang en tusken de 10 en 30 kilometer breed. De Araneilannen (Oileáin Árann) lizze westlik fan de yngong ta de baai en de baai sels hat ek in protte lytse eilannen.

Tagongswegen fan de Atlantyske Oseaan nei de baai binne:

  • North Sound (An Súnda ó Thuaidh), tusken Inishmore (Araneilannen) en Leitir Mealláin (yn Connemara).
  • Gregory's Sound (Súnda Ghríoghóra), tusken Inishmore en Inismaan.
  • Foul Sound (An Súnda Salach), tusken Inishmaan en Inisheer.
  • South Sound (An Súnda ó Theas), tusken Inisheer en it fêstelân fan greefskip Clare

Galwaybaai is ferneamd fanwege syn unike tradisjonele sylskip, de Galway Hooker en fan de Galway-oesters.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • O’Raghallaigh, Cian: Mineral localities in the Galway Bay Area. Dublin 1997.
  • McCormack, Edward: The harpacticoid copepoda from maerl substrates in Galway Bay, Ireland. Galway 2003.
  • Wilkins, Noël P.: Squires, spalpeens and spats: Oysters and oystering in Galway Bay. Galway 2001.
  • Wen Lei: Three-dimensional hydrodynamic modelling in Galway Bay. Galway 1995.