Galapagospinguin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Galapagospinguin

De Galapagospenguin (Spheniscus mendiculus) is soarte yn it skaai fan de brilpinguins dy't foarkomt op 'e Galapagos Eilannen. It is de ienichste pinguinsoarte dy't by de evener libbet, en dêrmei op it noardlik healrûn foarkomme kin. De grûn dat de Galapagospinguin yn dy omkriten libje kin is dat de kâlde golfstream fan Humboldtstream de temperatuer leech hâldt. Nei alle gedachten is dy golfstream ek de rûte dy't de pinguins nei de Galapagos Eilannen brocht hat. De measte Galapagospinguins libje op Fernandina en oan de westkust fan Isabella, mar der libje ek lytse groepkes op de oare eilannen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen