Gadso Coopmans

Ut Wikipedy
Gadso Coopmans
(Edmé Quenedey)

Gadso Coopmans (Frjentsjer, 1746 - Amsterdam, 5 augustus 1810) wie in medikus en dichter.

Gadso Coopmans waard berne yn it Coopmanshûs yn Frjentsjer as soan fan dokter Georgius Coopmans. Lykas syn heit waard er dokter yn Frjentsjer (1770) en heechlearaar skiekunde en medisinen fan 1773 oant 1787 oan de universiteit dêre. Fanwegen syn patriottyske sympatyen rekke er sy baan lykwols kwyt en moast er nei Aken flechtsje. Nei 1787 swalke er troch Jeropa, wie heechlearaar yn Kopenhagen (1791), yn Kiel (1793-96), wie liifarts fan in tal foarsten en waard úteinlik dokter yn Amsterdam.

Coopmans dichte yn it Latyn. In gedicht fan him oer de pokken waard troch Goethe oerset, in heldedicht oer Peter de Grutte (Petreis) bleau ûnfoltôge. Klaas Bruinsma hat de Latynske gedichten fan Coopmans oerset yn it Frysk [1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Coopmans, Gadso.

  1. Fersen fan en foar Gadso Coopmans: professor yn de medisinen oan de akademy fan Frjentsjer. Utjouwerij Elikser, 2013