Gabriella Paltrova

Ut Wikipedy
Gabriella Paltrova
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gabriella Roxxx, Gabriella
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 juny 1991
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Armeensk
Russysk
Joadsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
www.gabipaltrova.com

Gabriella Paltrova, echte namme ûnbekend (Chicago, 22 juny 1991), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Syrysk-Armeensk, Angelsaksysk Amerikaansk en Russysk etnysk komôf, mei, nei eigen sizzen, mooglik noch in dripke Joadsk bloed dêropta. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Gabriella en Gabriella Roxxx. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m, mei in gewicht fan 46 kg en kupmaat 32B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gabriella Paltrova is hikke en tein yn Chicago, dêr't se opgroeide as lid fan 'e grutte Armeenske befolkingsgroep, yn in strang kristlik gesin. Neffens eigen sizzen wie se as famke tige bleu. Har ûnderwiis folge se foar in grut part oan priveeskoallen, wêrby't se op 'e middelbere skoalle slim narre waard. Yn 2010, doe't se achttjin jier wie, sette se útein mei wurk as stripper yn ferskate stripklubs yn Chicago. Yn in fraachpetear[1] hat Paltrova útlein dat it strippen har selsfertrouwen joech, om't it har in beskate macht oer de tasjende manlju ferskafte.

Fia webcamwurk en fotoreportaazjes yn neakenblêden rekke Paltrova úteinlik by de Amerikaanske pornoyndustry behelle. Se ferfear nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Yn 2011, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Paltrova sûnt yn mear as 85 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Jules Jordan Video, Evil Angel, Hustler Video, Digital Sin, Devil's Film en Elegant Angel. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings en Brazzers. Paltrova wennet op 't heden yn Las Vegas.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. http://interviews.adultdvdtalk.com/gabriella-paltrova/ fraachpetear mei Gabriella Paltrova

boarnen: