Gabriel Voisin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Henri Farman (lofts) en Gabriel Voisin

Gabriel Voisin (Belleville (Rhône), 5 febrewaris 1880Ozenay, 25 desimber 1973) wie in Frânske loftfeartpionier. Hy boude it earste motorisearre bestjoerbere fleantúch fan Jeropa. Op 13 jannewaris 1908 makke Henri Farman in rûntsje fan 1 km yn dat tastel. Nei't dit tastel útrist wie mei rolroeren oan de wjokken, nei in idee fan de Bruorren Wright, brocht Voisin noch in stikmannich fleanrekords op syn namme.

Gabriel Voisin hie al jong niget oan technyk en tegaerre mei syn broer Charles ûntwikkele er al foar syn tweitichste in gewear, in boat en in auto. Yn 1906 rjochten de bruorren de earste loftfeartûndernimming yn de wrâld op, Les Frères Voisin. De dea fan syn jongere broer yn in autoûngemak (1912) hat him tige rekke. It brûken fan syn fleanmasines foar oarlochsdoelen (yn de Earste Wrâldkriich, foaral de Voisin III) wie er tige mei oan. Hy hat him doe weromlutsen út de fleanderij en begûn mei it ûntwerpen en bouwen fan auto's mei de merknamme 'Avions Voisin'.

Eksperimint mei in wetterfleanmasine "Canard Voisin" en it earste fleandekskip "La Foudre", juny 1912

Yn de 20er en 30er jierren boude er auto's fan hege kwaliteit mei technyske keunststikjes, sa as de skúfmotor, dy't út de fleanmasinetechnyk ôfkomstich wie.

It wie opmerklik dat Voisin nei de Twadde Wrâldkriich no krekt in auto foar de lytse beurs makke, de Biscooter, dy't letter yn Spanje as Biscuter produsearre waard.