Fryslân Boppe

Ut Wikipedy

Fryslân Boppe is in telefyzjekwis fan Omrop Fryslân. De kwis waard útstjoerd fan 2007 - 2009. De presintaasje waard dien troch Arjen de Boer.

By de kwis spilen trije minsken út ien doarp, bedriuw of feriening tsjin elkoar. Dielnimmers waarden testen op harren kennis fan Fryslân. Mei de "Boppeslach" koenen extra punten helle wurde. Nei fjouwer ronden mocht de winner syn priis yn ûntfangst nimme.