Fryslân 500
Fryslân 500 wie yn 1998 in feest om it 500 jierrich bestean fan it sintraal bestjoer yn Fryslân te fieren. It wie it idee fan de Kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans om in grut folksfeest te organisearjen. 1498 wie de ein fan de Fryske frijheid, dêrtroch wie der in protte wjerstân tsjin it feest.
Protest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de media waard de saak wiidweidich bepraat. It grutste part fan de Fryske pommeranten fûn it net goed dat jin syn eigen ûndergong fiere moast. De Fryske beweging wie yn syn hiele hear en fear tsjin de fiering fan Fryslân 500.
Doe't de organisaasje oan de Friezen frege om op 20 juny de flagge út te hingjen, hongen sommige minsken de swarte flagge út. Sa ek de koster Klaas Abe Kamstra út Bitgum, dy't in swarte flagge op syn tsjerketoer úthong. De gemeente Menameradiel hat de koster dêrnei noch teplak wiisd.[1] De FRA beleanne de koster lykwols mei in priis.[2]
In oar protest tsjin it fieren fan Fryslân 500 wie in bommelding op de jûn fan 2 juny troch dichter Cornelis van der Wal. Op de jûn fan 2 juny in histoarysk foarum yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert dy't de fiering ôfbrekke moast en de tsjerke waard ûntromme. De dieder wie gau bekend en Van der Wal waard oppakt.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|