Fryske ruter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Moderne ferzje mei stikeltried fan in Fryske ruter

In Fryske ruter (ek wol Spaanske ruter) (Frânsk: cheval de frise) is in sûnt de midsieuwen brûkte, te fersetten militêr hindernis.

De ruter bestaat út in as fan lange balken fan hout of stiel dêr't pinnen, of spearen útstekke of dêr't stikeltried omhinne wuolle is. Faak rêste de balken rusten op twa pear krúsfoarmige dwersbalkan oan de úteinen.

It ferdigeningsmiddel soe syn namme krigen hawwe yn de Tachtichjierrige Oarloch, doe't er troch de Spanjerts tapast waard om bestoarming troch rúters fan de stêd Grins foar te kommen. De ferwizing nei de Friezen soe de krijen hawwe mei it feit dat dy sels net folle kavalery hienen en oanwiisd wienen op ark dat fijannige ruters behinderje koe. De term waard letter ek brûk foar elts obstakel mei skerpe punten, sa as muorren mei glêsskerven derop mitsele.

De ruter wie oarspronklik bedoeld om kavalery de trochgong te behinderjen, mar no wurdt er ek tapast om ynfantery en licht reau tsjin op te kearen, dan meast as dykôfsetting. In fariant is it seispuntige anti-tank obstakel besteande út trije oan elkoar laske rails, al as net fêstset yn ierde of beton. Foar de Atlantic Wall waarden miljoenen fan dy hinders oanlein.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: