Fryske hin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske Hin)
Gielwytweiten hoanne
Gielwytweiten hin

De Fryske hin is in Frysk hinneras. It is in sierlike libbene hin fan sawat 50 sm. dy't eartiids in soad op boerehiemen omskarrele. It ras kin goed oer kjeld en kin goed fleane. De hinnen reitsje net gau brodsk en lizze sa'n 200 aaien yn in jier. Der bestiet ek in krielfariëteit fan.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne mear as tsien kleurefariëteiten: wytweiten (readpel), gielweiten (goudpel), sitroenpel, readweiten, swart, wyt, koekútfearrich, reabûnt en swartbûnt. It Nederlânske efterheaksel -pel slacht op de flekketekening op de fearren, yn de foarm fan nôtkerls.

Fryske Hinneklub[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut terpfynsten blykt al dat der al oan it begjin fan de jiertelling hinnen hâlden waarden wêrfan grutte en foarm tige op de Fryske Hin lykje. It ras wie begjin 1900 hast útstoarn. Der kamen hieltyd mear 'nutrassen' dy't gruttere aaien leinen, lykas Leghorn, Minorka's en Wyandottes. De Fryske Hinneklub mei 240 leden yn en bûten Fryslân wol sûnt 1922 it âlde ras safolle mooglik weromfokke nei sa't it foar 1900 west hawwe moat: mei libbene en sierlike bewegings, sierlik bûgde frij lange nekke, in heechoppe sturt mei moaie waaierfoarmige fearren en laaiblauwe poaten sûnder fearren. Der wurde keurings en tentoanstellings hâlden en in soad aaien en materiaal útwiksele.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fryske Hinnen, hânlieding by it hâlden, fokken en tentoanstellen - Fryske Akademy, (1992)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]