Frysk Dambûn

Ut Wikipedy

It Frysk Dambûn waard oprjochte op 7 jannewaris 1928 mei as doel promoasje fan it damspul op it 100-rutige boerd, it saneamde "ynternasjonale boerd".

It bûn is in ûnderôfdieling fan it Keninklik Nederlânsk Dam Bûn. Sûnt de oprjochting groeide it oantal oansluten ferienings yn Fryslân nei sa'n 20 yn 1953. Sûnt 1953 kamen der in soad klups by, omdat doe de KNDB foar Fryslân in geunstige kontribúsjeregeling ynsteld hie.

Yn 1970 winen der 45 oansluten ferienings, dêrnei kaam de groei. Yn it seizoen 1973/1974 wienen 59 ferienings mei yn totaal 1242 leden by it Provinsjale fryske Dambûn oansluten. In bysûnder probleem yn Fryslân foarmen de finansjen. Hûnderten dammers binne út mienskipsgefoel lid fan de pleatslike damferiening, sûnder har yn ieren en sinen dammer te fielen. Dêrom wurdt de kontribúsjeôfdracht oan it KNDB as in beswier field. Om dy beswieren yn de mjitte te kommen en omdat yn Nederlân persintueel fierwei de measte dammers yn Fryslân wenje, krige it bûn wat finansjele privileezjes.

Fan de bestjoersleden wienen H. de Boer, Roel Bergsma, Pieter Bergsma en R. Scheer lang as bestjoerslid aktyf. Letter kaam Anton Schotanus ek yn it bestjoer fan de KNDB.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: