Froedmaster

Ut Wikipedy
Yn it boek Der Rose(n)garten út 1513 fan Eucharius Rößlin oer it begelieden fan befallingen, in yllustraasje fan in frou, dy't sittendewei befalt

In froedmaster wie yn de Republyk in beoefender fan de operative ferloskunde.

De normale ferloskunde waard earst yn haadsaak hielendal troch foulju dien. Nei 1668 wie der in lanlik oerheidseksamen foar froedmasters. As in befalling slimme komplikaasje hie, dy't in goede ôfrin yn 'e wei stie, dan waard de froedmaster, faak ek sjirurgyn helle. Syn wurk kaam meast del op it operatyf weiheljen fan de deade frucht. Yn Fryslân moat as froedmaster neamd wurde H. van Deventer fan Wiuwert.

Ferloskundigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferloskundigen dogge in diel fan de genêskunde, de fysilolgyske ferloskunde. Se selektearje en ferwize swangeren mei risiko's en liede fysiologische befallingen. Se begeliede de sûne swangerskip, de normale berte en kreamtiid. Trede der by de swangerskip, befalling of yn it kreambêd komlikaasjes op, dan soarget de ferloskundige foar een adekwate ferwizing nei de gynekolooch of bernedokter. De kreamfersoargende helpt de ferloskundige mei de befallingen (partusassistinsje) en biedt benammen soarch oan de kreamfrou en lytse poppe.

Yn de swangerskip giet de oansteande mem geregeld nei de ferloskundige ta. Se beoardielt middels in oantal ûndersiken oft de swangerskip him normaal ûntwikkelt. Foarljochting oer in goede libbensstyl en foarljochting oer de befalling, kreambêd en boarstfieding binne ek wichtige ûnderdielen fan it fakgebiet.

Tsjintwurdich wurkje der hieltiten mear twaddelynsferloskundigen of klinysk ferloskundigen. Dy wurkje yn it sikehûs ûnder ferantwurdlikheid fan in gynekolooch foar begeleiding fan froulju dêr't in ferhege risiko op komplikaasjes by de swangerskip of befalling bestiet.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wurde ferloskundigen oplaat op hbû-nivo. Dizze fjouwerjierrige oplieding bestiet allinnich yn foltiid oan trije opliedingsynstituten, mei fêstigingsplakken yn Amsterdam, Grins, Maastricht en Rotterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: