Frits van Turenhout

Ut Wikipedy
Frits van Turenhout yn 1969

Frits van Turenhout (Amsterdam, 14 juny 1913 - Blarikum, 3 oktober 2004) wie in Nederlânsk programmamakker en sjonger.

Foar de oarloch kaam er yn tsjinst fan de Katolike Radio Omrop (KRO). Van Turenhout besette in soad funksjes, mar is fral bekend wurden as presintator fan de fuotbal- en toto-útslaggen. Hy waard ferneamd om de wize fan útsprekken fan de útslach '0-0' en hat dêroan syn bynamme te tankjen: Mister null-null.

Neist radio-omropper wie Frits van Turenhout ek sjonger yn ferskate jazz-orkesten ûnder de skûlnamme Fred Starewood. Hy hie it measte súkses mei it liet "Zij had een wipneus en een kersenmond." Oant syn sechtichste jier ta keepe er yn it fuotbalteam fan de Omroep Sport- en Ontspanningsvereniging (OSO).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]