Frits Schuitema

Ut Wikipedy

Frits Schuitema (Ljouwert, 1 oktober 1944) is presidint-kommissaris fan de fuotbalclub PSV.

Frits Schuitema waard berne yn in protestatntske húshâlding en spile yn syn jeugd as linksbinnen foar fuotbalclub Blauw-wit '34. Fan thús mocht er net op snein fuotbalje en de oerstap nei sneinsclub Leeuwarden gie dêrom net troch. Hy spile dêrnei foarnferskate amateurclubs yn Fryslân en Grinslân.

Wurke dêrnei foar Philips yn Hongkong. Yn 1978 waard hy oerpleatst as direkteur fan Philips nei El Salvador, dêr't hy ûntfierd waard. Nei it beteljen fan losjild kaam Schuitema frij. Sûnt 1990 is hy belutsen by fuotbalferiening PSV.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: