Friso-Saksyske talen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lânkaart lokaasje Friso-Saksyske Talen.gif

De Friso-Saksyske talen, eigentlik dialekten, binne in groep Nedersaksyske dialekten dy't troch it Frysk beynfloede binne. Foar it meastepart hawwe de gebieten dêr't de Friso-Saksyske dialekten sprutsen wurde yn it ferline Frysktalich wêst, en hawwe dy yn de Lette Midsieuwen it Frysk opjûn foar in Nedersaksysk dialekt.

By it Oertsjongersk is it krekt oarsom: de Stellingwerven wienen earder part fan Oerisel, wat in Nedersaksysk gebiet is, en binne dêrnei in de rin fan de skiednis ta part fan Fryslân wurden. It Stellingwerfsk is dêrom troch it Westerlauwersk Frysk beynfloede, wylst de oare Friso-Saksyske talen troch it Eastfrysk beynfloede binne. Fanwegen dit ferskil wurdt it Oertsjongers net troch eltsenien by de Friso-Saksyske talen rekkene.

It Ditmarsersk en Eiderstedtsk is ek troch Frysk beynfloede, mar dan troch it Noardfrysk.

Dialekten[bewurkje seksje | edit source]

Foar de ferskate dialekten jildt dat hoe fierder de gebieten fan Westerlauwersk Fryslân ôflizze, hoe minder de Fryske ynfloed is. Yn it miene wurde sadwaande allinich it Grinslânsk en it Eastfrysk Nedersaksysk ta de pure Friso-Saksyske talen rekkene.

Hjir in oersjoch fan de dialekten: